Buert kritysk oer oanpak brân

Bewenners fan huzen ticht by de grutte brân oan de Splitting yn Drachten binne hiel ûntefreden oer de wize wêrop der mei harren omgien is. De plysje hat de minsken op acht adressen oan de Splitting frege it hûs te ferlitten fanwege de grutte reekûntwikkeling. Der waard net byhâlden wa't it hûs ferlitten hie en der wie ek gjin opfang of in plak dêr't ynformaasje te krijen wie.
Wol hat boargemaster Van Bekkum by guon minsken del west. De brân wie yn in leechsteand gebou dêr't earder in keukenbedriuw en garaazje yn siet.
Neffens omwenjenden is dat fan't jier troch jongerein al twa kear earder yn de brân stutsen. Sy fine dat de gemeente net op tiid genôch yngrypt hat. Fjouwer oeren nei de brân moasten buertbewenners der sels noch op út om helpferlieners om ynformaasje te freegjen of en wiene sy ôfhinklik fan ynformaasjemiddels as radion en ynternet.