Winst MF, ferlies LDODK en SCO

Kuorbal © ANP XTRA
Fan de trije Fryske ploegen yn de fjildhaadklasse fan it kuorbaljen koe allinne Mid-Fryslân twa punten byskriuwe. Yn Reduzum waard mei 17-12 wûn fan Amicitia. SCO gong yn Bennekom mei 20-12 hurd ûnderút tsjin DVO. En LDODK kaam yn Arnhem krekt te koart tsjin Oost Arnhem. De wedstriid einige yn 19-17.
DVO is de koprinner mei de folle winst út trije wedstriden. Mid-Fryslân hat fjouwer punten út trije wedstriden, LDODK en SCO ha alle trije wedstriden ferlern.