Ljouwert: dei fan de wykoanpak

Buertbewenners fan seis oandachtswiken yn Ljouwert kinne sels mei ideeën komme om de omjouwing te ferbetterjen. Sneon wie de dei fan de wykoanpak yn Nijlân, de Schepenbuurt, Vlietsône, Tjerk Hiddes/Cambuur, Blommebuert/Oldegalileeën en it Valeriuskertier. It inisjatyf komt fan de gemeente en de wenningkorporaasjes WoonFriesland en Elkien.
It doel is om de bewenners fan de wiken mear te belûken by it ferbetterjen fan de omjouwing, omdat dat de leefberens ferbetteret. Mei-inoar is der sa'n fiif ton beskikber foar de seis oandachtswiken.
Yn de Vlietsône waard in nije boarterstún iepene yn it Bennerpark. Yn de wyk Cambuur fleuren bern de boel op mei in pear grutte graffity-keunstwurken.