Brân by FrieslandCampina

De brânwacht dwaande mei it bestriden fan de brân by Koopmans © Omrop Fryslân / Remco de Vries
By FrieslandCampina yn Ljouwert is sneon tsjin tolve oere brân ûntstien. Dat kaam troch koartsluting yn in bus fan in ûnderhâlds- en mjitploech. Dy stie tsjin it fabryksgebou oan parkeard. Sneon is it in saneamde stopdei foar it fabryk, wêrby't grut ûnderhâld en mjittings útfierd wurde. De bus is sa goed as útbaarnd en it gebou is oan de bûtenkant skansearre.
Sa as it no liket is der yn it fabryk gjin skea ûntstien. Der waard noch even sjoen nei mooglike reekskea, mar ek dat liket ta te fallen. De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle.