Hynder deariden by Warten

15 sep 2012 - 11:46

By in oanriding op de Stûkewei tusken Warten en Earnewâld is freedtejûn in hynder deariden. In automobiliste (43) fan Noardburgum seach ynienen in pear hynders foar har auto rinnen en koe ien dêrfan net mear ûntwike. It bist rekke swier ferwûne en moast troch de feedokter ôfmakke wurde. De auto fan de frou rekke swier skansearre.

Doe't de eigener fan de hynders kaam seach hy dat it stek fernield wie, wêrtroch de hynders op 'e dyk komme koene. Yn it lân wiene noch mear saken fernield. De eigener hat oanjefte dien by de plysje.

Hynstefokker Berend Meester fan Warten is kûgelsk. Neffens him wize alle fernielings byinoar op in bewuste wraakaksje. In jier lyn waard hy ek alris bedrige omdat er by oare hannelers skuld hawwe soe. De plysje wol foar fierder ûndersyk no earst in petear mei de hynstefokker. Neffens wurdfierder Anne van der Meer rinne der yndie noch oare saken tsjin Meester fan ferskate ynstânsjes en minsken dy't har troch de fokker beneidiele fiele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)