Inline WK: sulveren Kamminga

15 sep 2012 - 11:23

Manon Kamminga fan It Hearrenfean hat freed har twadde medalje wûn op it WK inline-skaten yn it Italiaanske San Benedetto del Tronto. Op de 500 meter sprint wûn se de sulveren medalje, neidat se tongersdei ek al brûns wûn hie op de puntekoers.

By de junioaren wûn Lars Scheenstra fan Teridzert brûns op de 500 meter. Manon Kamminga fûn har sulveren medalje noch moaier as de brûnzen op de puntekoers, omdat it op de sprint yn ien kear goed gean moat. Sneon is de lêste dei fan it WK en wurde de maratons ferriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)