Romme oerwinning SC Cambuur

14 sep 2012 - 23:01

SC Cambuur hat freed mei 5-2 wûn fan Almere City. De Ljouwerters kamen al nei twa minuten op 1-0 troch Michiel Hemmen. Oebele Schokker makke nei in heal oere op fraaie wize de 2-0. Foar Schokker betsjutte dat syn earste goal yn it betelle fuotbal.

Fuort nei it skoft besliste Melvin de Leeuw de wedstriid troch 3-0 te meitsjen. Schokker fierde mei opnij in moaie goal de skoare op nei 4-0. Marco van der Heide makke de fyfde, mar Rowin van Zaanen fan Almere City skoarde ek noch twa kear.
Cambuur klimt troch de oerwinning nei it tredde plak.

Helmond Sport stiet boppe-oan, dy ploech hat oant no ta alles noch wûn. MVV stiet op it twadde plak, mei ien punt mear as Cambuur.

(advertinsje)