Stamboek ek foar Ljouwert 2018

14 sep 2012 - 19:52

It Frysk hynstestamboek, it KFPS, is drok dwaande om ideeën op te dwaan mocht Ljouwert yn 2018 kulturele haadstêd wurde. Dat seit foarsitter Cees Roozemond fan it KFPS. It stamboek wol in bydrage leverje om sa de kânsen foar Ljouwert as kulturele haadstêd yn 2018 te fergrutsjen. It KFPS tinkt oan shows mei hynders, mar bygelyks ek oan in Frysk hynder fan twintich meter heech dat oan it begjin fan de Ofslútdyk stean kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)