Bestjoere oantrekliker meitsje

Fryslân telt 300 sakeferienings, stiftingen en klups. En hast allegearre ha se te krijen mei in tekoart oan bestjoersleden. Dat kin en moat oars, fynt Klaas van den Berg fan de noardlike Keamer fan Keaphannel. Bygelyks troch de administraasje út te besteegjen.
Dêrtroch wurdt it foar in ûndernimmer in stik oanlokliker om as bestjoerslid aktyf te wurden yn in sakeklup. Van den Berg fynt it belangryk dat it grutte tal klups, stiftingen en ferienings dat de belangen fan ûndernimmers behertiget der wol bliuwt.