Jubileumboek oer Poptaslot

Dr. Henricus Popta is 14 septimber 1712 ferstoarn. Dat wie freed reden foar in sympoasium ta eare fan de man dy't ûnder oare it Poptaslot by Marsum en it Popta-Gasthûs neiliet. Underwerp fan it sympoasium wie de fraach hoe't kultureel erfguod beheard wurde moat.
Fierder krige boargemaster Van Mourik it earste eksimplaar fan it jubileumboek oer Popta. Yn Marsum stiet it hiele jier yn it teken fan Popta. Sa is der al in iepenloftspul opfierd yn de tún fan it slot. Popta hat it behear fan syn eigendommen oerlitten oan in rintmaster.