Sylboat omslein op Lauwersmar
Op de Lauwersmar is freedtemiddei in sylboat mei twa jonges omslein. Twa rêdingsboaten fan Lauwerseach en in boat fan de brânwacht binne ynskeakele. Ek waard de help ynroppen fan in rêdingshelikopter fan de fleanbasis Ljouwert. Beide jonges binne troch opfarrenden fan in oare sylboat út it wetter helle.
Oanslutend binne se oerstapt op de rêdingsboat. De jonges binne út foarsoarch yn ferbân mei ferskynsels fan ûnderkuolling oerbrocht nei it sikehûs.