DNA-ûndersyk saak Vaatstra los

14 sep 2012 - 14:00

It grutte DNA-ûndersyk yn de saak Vaatstra is freed úteinset. De brieven foar de 8080 manlju dy't frege wurde om mei te dwaan geane de doar út. Op tiisdei falt de oprop by elkenien op de doarmatte. Neist de oprop krije de manlju ynformaasje oer it DNA-ûndersyk en oer de plakken dêr't se it DNA ôfnimme litte kinne.

Yn it gebiet om Feankleaster binne dat 7 sporthallen en dorpshuzen. Ek kinne de manlju telâne yn Dokkum, Drachten, Grins en Ljouwert. Mei it DNA-ferwantskipsûndersyk hopet justysje fia it DNA fan famyljeleden de dieder te finen.

It is foar it earst dat yn Nederlân sa'n grutskalich DNA-ferwantskipsûndersyk hâlden wurdt. Marianne Vaatstra waard yn 1999 by Feankleaster ferkrêfte en fermoarde. It DNA-ûndersyk wurdt sjoen as in 'lêste kâns' om mooglik dochs noch de dieder te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)