Harns: wetteroerlêst oanpakke

De gemeente Harns wol de wetteroerlêst yn de stêd oanpakke. De swiere buien fan fjirtjin dagen lyn soargen doe foar oerlêst yn de Oosterparkwyk. Strjitten kamen splis te stean. Ek koene bewenners harren húskes net mear trochspiele. De Oosterparkwyk is it leechste stik fan de havenstêd.
Der komt no in apart rioel foar reinwetter yn de wyk om te foarkommen dat it reinwetter op 'e nij de húskes ynrint. Ek wol de gemeente sjen oft der nije fivers komme kinne om oerstallich wetter op te heinen.