Brêge 'Sier' nei museum Hollum

14 sep 2012 - 12:40
  • Brêge 'Sier' nei museum Hollum
  • Beharkje ús reportaazje
  • Beharkje ús reportaazje (diel 2)

Rederij Wagenborg is freed dwaande mei it ferfier fan in grutte navigaasjebrêge. It giet om de brêge fan it âlde passazjierskip Sier. Dat ûnderdiel wurdt nei it Maritiem Museum by Hollum op It Amelân brocht.

Troch it minne waar rint it transport fertraging op. De ferwachting is dat de brêge oan it begjin fan de middei oankomt.

(advertinsje)