Plysje-ûndersyk moardsaak rint

14 sep 2012 - 12:18

De plysje is noch altiten dwaande mei spoare-ûndersyk yn it hûs yn Easterwâlde dêr't earder dizze wike in frou om it libben brocht is. It ûndersyk nei spoaren om it hûs hinne is nei alle gedachten freed klear, mar yn it hûs wurdt freed én sneon noch ûndersyk dien. It lichem fan de 67-jierrige frou waard woansdeitemoarn fûn yn har hûs oan de Klazingawei yn Easterwâlde.

Der is noch gjin spoar fan de dieder. It misdriuw soarget foar in saod ûnrêst yn de buert. De gemeente Eaststellingwerf hâldt dêrom freedtejûn in ynformaasbyienkomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)