Tiisdei huldiging Norbruis

Alyda Norbruis (argyffoto)
De gemeente Opsterlân set takom tiisdei paralympysk kampioene Alyda Norbruis fan Oerterp yn it sintsje. Hurdfytster Norbruis wûn op de Paralympyske Spelen yn Londen Olympysk sulver op de 500 meter tiidrit. De gemeente is grutsk op Alyda en wol har dat witte litte.
Se wurdt tiisdeitejûn mei in kever cabriolet fan hûs helle en yn kafee it Alde Stee ûntfongen. Boargemaster Ravestein fan Opsterlân en deputearre Tineke Schokker sille Alyda Norbruis tasprekke.