Greenpeace-aksje ek yn Fryslân

14 sep 2012 - 08:40

Miljeu-organisaasje Greenpeace hat ek by in tal tankstasjons fan Shell yn Fryslân de pompen ôfsletten. It giet om tankstasjons yn ûnder oare Ljouwert, Harns en Drachten. Greenpeace wol sa aksjefiere tsjin de oaljeboaringen fan Shell yn it Noardpoalgebiet.

De aktivisten ha de fulpistoalen fêstmakke oan de pompen, sadat se net brûkt wurde kinne. De plysje lit witte dat dy net yngrypt, omdat ditsoarte aksjes ûnder it bedriuwsrisiko falt. Op in tal stasjons ha meiwurkers de fulpistoalen al wer losmakke, sadat se wer brûkt wurde kinne.

Neffens de eksploitant fan de Shellpompen yn Ljouwert foel de skea geweldich ta en koe by de measte benzinepompen al gau wer tankt wurde.

Trefwurden: 
aksje Greenpeace Shell
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)