Mid-Fryslân wint fan SCO

Kuorbal © ANP XTRA
Mid-Fryslân hat mei in protte muoite de wedstriid yn de haadklasse fan it fjildkuorbal mei 12-10 fan SCO wûn. Op it keunstgers yn Grou hiene beide ploegen it dreech mei it finen fan de koer. Healwei wie it 6-6. Oant 10-10 yn de twadde helte bleau it spul earmoedich, mar fergoede de spanning in protte.
Marvin Smorenburg mei syn fiifde doelpunt en Wiebe Huitema soargen foar de thúswinst. Mid-Fryslân en SCO hiene beide de earste wedstriid ferlern.