Ofspraak oer medisyngebrûk

© Omrop Fryslân
Fryske thússoarchorganisaasjes, apotekers en apoteekhâldende húsdokters sille tenei mear gearwurkje om it gebrûk fan medisinen yn de thússoarch better en feiliger te meitsjen. Dêrta is tongersdei op It Hearrenfean in gearwurkingsoerienkomst sletten.
Hieltyd mear thúswenjende âlderen mei thússoarch brûke ferskate medisinen neist elkoar. Yn de oerienkomst stean ôfspraken oer it útjaan en behear fan dy medikaasje. Sa moat dúdlik wurde wa't wêr ferantwurdlik foar is as it giet om it foarskriuwen en ynnimmen fan dy medisinen.