Jildynsammeling Feanfroulju

13 sep 2012 - 16:49

De spylsters fan it frouljusfuotbalteam fan SC Hearrenfean sille no sneontejûn by de thúswedstriid fan Hearrenfean tsjin ADO Den Haag in jildynsammeling hâlde. Dêrmei wolle se besykje de begrutting fan dit seizoen rûn te krijen. Spylsters, stêf, de maskotte Winny de Bear en it bestjoer stean foar en nei de wedstriid om it stadion hinne. Se sprekke alle Hearrenfeanfans oan op in bydrage.

As elke supporter in euro jout, soe it Fryske frouljusfuotbal yn de BeNe league garandearre wêze, sa tinkt de Stichting Vrouwenvoetbal Heerenveen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)