Nije boargemaster Smel'lân

13 sep 2012 - 16:12

Tjeerd van Bekkum (45) is tongersdei as nije boargemaster fan Smellingerlân ynstallearre. Hy is hikke en tein yn Drachten en de lêste sân jier earste boarger yn it Grinzer Mearum. Van Bekkum folget Bert Middel en waarnimmer Polderman op.

Nei de politikus mei ûnderfining Bert Middel kiest de gemeenteried no bewust foar in jonge, ambisjeuze boargemaster. Foar syn jierren yn Mearum wie Van Bekkum beliedsmeiwurker by de VVD-Twadde Keamerfraksje en wethâlder yn de gemeente Berkel en Rodenrijs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)