Atsma: Noch kânsen foar CDA

It CDA is dan wol ien fan de grutte ferliezers fan de Twadde Keamerferkiezings, Joop Atsma sjocht noch wol regearkânsen foar syn partij. Atsma is no noch steatssikretaris foar ynfrastruktuer en miljeu yn it ôftredende kabinet. Hy komt net werom yn de Twadde Keamer.
It CDA is fan 21 nei 13 sitten gien. Dochs sjocht Atsma noch kânsen foar it CDA. Grutte winners VVD en de PvdA moatte neffens him earst mei-inoar prate. Dêrnei gean se miskien wol op syk nei in tredde partij, om't VVD en PvdA gjin mearderheid yn de Earste Keamer hawwe.