Wizigings yn basisteam Cambuur

Cambuur shirt © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Erik Bakker, Martijn van der Laan en Tim Keurntjes begjinne freed yn de basis by Sportklup Cambuur tsjin Almere City. Bakker ferfangt de blessearre Yuri Rose, dy't de kommende wiken hersteld fan in knibbelblessuere. Van der Laan spilet linksachter ten koste fan Lucas Bijker. Bakker en Van der Laan kamen troch blessueres noch net yn aksje dit seizoen.
Op it middenfjild makket Tim Keurntjes syn debút. Dêrtroch sit Mark Diemers op de bank. Keurntjes kaam oan de ein fan de transferperioade op hierbasis oer fan FC Grins.
Opstelling Cambuur: Telgenkamp, Droste, Bakens, Dijkstra, Van der Laan, El Makrini, Bakker, Keurntjes, Schokker, Hemmen en De Leeuw.