GrienLinks Fryslân "baalt"

Fraksjefoarsitter Irona Groeneveld fan GrienLinks yn provinsjale steaten "baalt" fan de minne ferkiezingsútslach foar har partij. GreinLinks rekket de helte fan syn tsien sitten yn de Twadde Keamer kwyt.
Groeneveld tinkt dat it minne resultaat komt troch de ynterne striid om it liederskip fan GrienLinks, earder dit jier. En se tinkt dat in soad eardere GrienLinks-stimmers no strategysk foar de PvdA keazen ha.