Opkomst lanlik op 73 persint

12 sep 2012 - 21:25

De opkomst by de Twadde Keamerferkiezings komt út op 73%. Dat docht bliken út de foarriedige prognoaze fan ûndersyksburo Ipsos Synovate yn opdracht fan de NOS en RTL.

By de ferkiezings fan juny 2010 kaam de opkomst út op 75,4 persint. Dat persintaazje lei foars ûnder de opkomst fan de ferkiezings yn novimber 2006, doe't 80,35% fan de kiezers syn stim útbrocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)