Rekôr foar Stemwijzer

12 sep 2012 - 21:13

De webside fan de Stemwijzer hat woansdei syn eigen rekôr út 2006 ferbrutsen. Doe waarden 4,7 miljoen advizen útjûn, dit kear 4,75 miljoen.

Op de lêste dei bleau it drok op de webside. Gemiddeld seagen 45.000 minsken yn de oere op Stemwijzer. Ek yn de lêste oeren waarden noch 20.000 advizen jûn.

(advertinsje)