Sven Kramer ek yn de maraton

© AW foto.nl / Naomi Schlager
Reedrydtoppers lykas Sven Kramer kinne de kommende winter ek maratons ride. De KNSB hat foar dizze riders in ekstra lisinsje ôfjûn ûnder de nammen Team Langebaan. Der meie maksimaal fjouwer toppers út de kommersjele teams meidwaan. Betingst is wol dat de riders yn de ôfrûne twa winters meidien hawwe oan wrâldbekerwedstriden, EK's of WK's.
De KNSB makket it maratonriden mooglik, omdat meardere riders graach it langebaan en it maratonriden kombinearje wolle.