Opkomst eilannen al boppe 100%

12 sep 2012 - 16:29

De gemeente Flylân hie om healwei fjouweren in opkomst fan 100 prosint. Dit bestjut lykwols net dat de stimburo's op it eilân ek ticht kinne. Om't minsken net mear ferplichte binne om binnen harren eigen gemeente te stimmen meie toeristen ek op it eilân harren stim útbringe. Hjirtroch komt it opkomstpersintaazje op de waadeilannen faak heger út as 100%.

Ek op Skiermûntseach rint it goed mei de stimmerij. Dêr hiene se om fjouwer oere al in opkomst fan mear as 120%.

Trefwurden: 
eilannen Ferkiezings
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)