Gribus oan maksimumsnelheden

Boargemaster Willem Hoornstra fan Gaasterlân-Sleat fynt dat der wat dien wurde moat oan de gribus oan maksimumsnelheden. It is op in soad plakken ûndúdlik oft jo no 60, 70 of 80 kilometer ride meie.
Gaasterlân-Sleat giet takom jier op yn de nije gemeente De Friese Meren mei Skarsterlân en Lemsterlân. En dat is in moai punt om kritysk nei de ferkearssitewaasje te sjen, sa fynt Hoornstra.