Undersyk Waad-garnalefiskerij

12 sep 2012 - 12:52

Meiwurkers fan ûndersyksynstitút Imares fan Wageningen Universiteit ûndersykje by de Ofslútdyk wat de ynfloed is fan de garnalefiskerij op de Waadboaiem.

It ûndersyk wurdt foar de twadde kear dien. De earste kear wie it foardat der op garnalen fiske wie. No wurdt der nochris sjoen om te sjen oft der wat feroare is neidat der wol fiske is. De fergunning fan de garnalefiskers rint ein 2013 ôf. Foar in nije fergunning moat dúdlik wêze oft de fiskerij de boaiem skea tabringt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)