Boeten by lânboukontrôle

12 sep 2012 - 11:48

By in lânboukontrôle yn de Súdwestehoeke hat de plysje tiisdei 50 bestjoerders kontrolearre. Foar 17 betsjutte dat in bekeuring, ûnder oare foar in stikkene gefaretrijehoek, ferljochting dy't net yn oarder wie en it net dragen fan de gordel.

In 17-jierrige bestjoerder fan in trekker hie net in jildich rydbewiis, dat is melden by de arbeidsynspeksje.

(advertinsje)