Bestimmingsplan Skier moat oer

De gemeente Skiermûntseach moat in part fan it bestimmingsplan foar it besikerssintrum oan de Torenstreek oerdwaan. De Ried fan Steat hat in part ferneatige.
Omwennenden hiene dêr om frege om't sy bang binne foar harren privacy en it beskerme doarpsoansicht. Foaral in ferbining tusken de eardere brânwachtkazerne en it doarpshûs is ferkeard fallen. Dy soe earst ûnder de grûn, mar komt no dochs foar in part boppe de grûn.