Famke (12) ferwûne yn Drachten

12 sep 2012 - 11:10

In 12-jierrich famke út Koatstertille is tiisdeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding op de Folgeraleane yn Drachten. It famke fytste dêr mei in 13-jierrige freondinne, doe't se sûnder út te sjen de krusing mei De Boppeste oerstutsen. In 54-jierrige automobilist út Kornhorn koe net foarkomme dat hy it famke oanried.

Se foel tusken de auto en de karre achter de auto. Ien fan de tsjillen fan de karre ried oer it famke hinne. Se is nei it sikehûs brocht. Der die bliken dat de ferwûnings tafoelen.

Trefwurden: 
ûngelok botsing fytster
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)