Ynbrekkers aktyf yn Fryslân

12 sep 2012 - 11:04

Der is ynbrutsen yn in loads fan in túnsintrum oan de Marne yn Boalsert. Dêrby binne in quad, in hegedrukspuit, twa kettingseagen en in stienseage stellen. De tagongsdoar waard fernield.

Hûnderten euro's binne yn de nacht fan moandei op tiisdei stellen út de klûs fan in sportkantine yn Koatstertille. Ek hjir wie de doar iepenbrutsen. In 58-jierrige ynwenner fan Koartstertille hat oanjefte dien.

Yn Twellingea en Sumar binne bûtenboardmotoren stellen. Yn Twellingea giet it om in grize Marine koartsturt en yn Sumar om in reade Yamaha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)