Sander de Rouwe nei stimbus

Sander de Rouwe, de nûmer trije fan it CDA, hat woansdei tegearre mei Mieke Andela-Baur syn stim útbrocht yn Boalsert. De Rouwe hie dat oan Andela-Baur frege, omdat er har bot bewûnderet. De 89-jierrige Andela-Baur hat fan 1976 oant 1986 foar it CDA yn de Twadde Keamer sitten. Se jildt as in foarbyld foar De Rouwe.
It is in spannende dei foar it CDA. De partij hat no noch 21 sitten, mar stiet yn de lêste peiling op 13, in grut ferlies dus. Sander de Rouwe stiet op it tredde plak by it CDA, Ljouwerter Harry van der Molen op plak 21.