Stimburo's binne iepen

12 sep 2012 - 07:56
  • Stimburo's binne iepen

It nije provinsjehûs yn Ljouwert is foar it earst ynrjochte as stimburo. Sûnt healwei achten woansdeitemoarn binne de stimburo's iepen. It is woansdei de dei fan de ferkiezings foar de Twadde Keamer.

Sa'n 12,7 miljoen minsken yn Nederlân meie stimme. Dêrfoar binne 10.000 stimburo's ynrjochte, mei 70.000 frijwilligers. Wa't stimme wol moat de stimpas en in legitimaasje meinimme.

(advertinsje)