Huntelaar en Lenstra like goed

12 sep 2012 - 06:50

It rekôr fan Abe Lenstra fan 33 doelpunten foar it Nederlânsk alvetal is byhelle. Ald-SC Hearrenfeanspiler Klaas Jan Huntelaar skoarde tiisdei syn 33e goal foar Oranje yn de wedstryd tsjin Hongarije.

Dêrmei kaam er op likense hichte mei Lenstra én mei Johan Cruijff.
De topskoarder foar it Nederlânsk alvetal bliuwt Patrick Kluivert mei 40 doelpunten. Oranje wûn mei 4-1 fan Hongarije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)