Skea troch brân yn televyzje

Yn in hûs oan de Emmakade yn Ljouwert is tiisdeitejûn in soad skea ûntstien nei't de televyzje yn de brân flein wie. Troch de brân stie de wenning fol mei reek. De bewenster wist sels út de wenning te kommen.
Se koe de brânwacht oanwize wêr't dy wêze moast. Dertroch hie de brânwacht it fjoer gau ûnder kontrôle. It hûs moast goed luchten wurde foar't de reek der út wie.