Basketballes foar bern It Fean
Basketbalferiening Dyna'75 fan It Hearrenfean krijt 125.000 euro fan it Ryk om bern dy't no te min sporte, oan it basketbaljen te krijen. De subsydzje oan de basketbalferiening makket diel út fan in lanlik projekt Sportimpuls. It ministearje fan folkssûnens, wolwêzen en sport lûkt lanlik 11 miljoen euro út foar 170 projekten. Dyna'75 sil ûnder oaren op skoallen, yn de neiskoalske opfang en yn de wiken De Greiden, De Akkers en Nijehaske basketballessen fersoargje. De basketbalferiening wurdt holpen troch ûnder oaren Sport Fryslân en de gemeente.