Wethâlder De Boer stapt op

Gemeente Opsterlân
Wethâlder Klaas de Boer fan Opsterlân leit syn funksje del. Hy hat in nije baan fûn yn it bedriuwslibben en set dêrom in punt achter syn bestjoerlike loopbaan.
Hy hat mear as tsien jier wethâlder west foar Opsterlands Belang. It kolleezjebestjoer fynt it spitich dat De Boer opstapt. Syn wurksumheden wurde troch it kolleezje oernaam, oant der in opfolger foar him oansteld is.