Wetterkearing eilannen ferlein

Gebouwen op Flylân en Skylge wurde yn de takomst better beskerme tsjin it wetter, no't steatssikretaris Joop Atsma fan ynfrastruktuer en miljeu de wetterkearrings op de eilannen rjochting de Noardsee ferleit.
Op Flylân komme in nijbouwyk, kemping Stortemelk en it folsleine dúngebiet mei rekreaasjewenten yn de primêre wetterkearring te lizzen. Op Skylge jildt dat foar de rekreaasjedoarpen West oan See en Midslân oan See.
Dêrneist hat steatssikretaris Atsma mei de gemeente Flylân ôfspraken makke oer de beskerming fan it bedriuweterrein by de jachthaven. De diskusje om de wetterkearings op Flylân en Skylge te ferlizzen rûn al jierren.