3 jier foar kontenerbrannen

11 sep 2012 - 16:25

De Drachtster (25) dy't oardel jier lang konteners yn 'e brân stutsen hat yn syn wenplak, is troch de rjochter feroardiele ta trije jier sel, wêrfan ien jier ûnder betingst. Hy hat bekend dat er 22 kear brân makke hat. Dêrmei hat er minsken yn libbensgefaar brocht, fynt de rjochter. Troch de branstichtings gie ûnder oare in kemper yn flammen op, wêrby't de gastank eksplodearre en in wente mar krekt sparre wurde koe troch de brânwacht.

De Drachtster hat trije jier proeftiid krige. Dêrfan moat er twa jier lang nei de psychiater.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)