Eigener skiepbiter noch poater

© Omrop Fryslân
De plysje hat de ûnbekende man dy't snein yn in greide by Eastermar mei sin syn hûn op in keppel skiep ôfstjoerde noch net opspoard. Fan 'e 33 skiep yn 'e greide waarden acht troch de hûn biten. Ien skiep rekke troch de byt swier ferwûne en moast troch in bistedokter behannele wurde.
De man is mei de hûn yn 'e auto stapt en fuortriden. In tsjûge hat in sinjalemint fan 'e hûne-eigener oan de plysje trochjûn. It giet om in meagere man fan tusken de 20 en 26 jier. De hûn is donkerbrún. It fermoeden is dat it om in pitbull giet.