Wettersport tsjin sânwinning

11 sep 2012 - 11:33

De wettersportsektor leit him net del by de tastimming fan it Ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu foar it winnen fan sân foar de kust fan Gaasterlân yn de Iselmar. Dêrfoar wurdt in sân bunder grut wurkeilân oanlein troch it Limboarchske bedriuw Smals.

Distriktskonsulint Frank Jibben fan it Watersportverbond hie net ferwachte dat it bedriuw tastimming krije soe en skrikt dêrfan. In grut gebiet wurdt ferbean foar de skipfeart, wylst it wol yn in wichtige farrûte leit. Fierders fine de wettersporters dat de iepenheid oantaast wurdt.

De sânwinning jildt foar tritich jier. It Watersportverbond ûndernimt juridyske stappen tsjin de plannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)