GHB-rider sûnder rydbewiis

Ghb © ANP XTRA
In 29-jierrige automobilist út Noardwâlde is moandeitejûn bekeurd foar it riden sûnder rydbewiis en ûnder ynfloed fan GHB. In motorplysje seach de man riden op de Verdeniusstrjitte en wist dat de man gjiin rydbewiis hie. Boppedat wie bekend dat de man geregeld GHB brûkt.
By de oanhâlding makke de man in slome yndruk. Op it plysjeburo waard him in bloedproef ôfnommen en waard der proses-ferbaal opmakke.