Fryske fragen oan polityk

11 sep 2012 - 10:41

De Ried fan de Fryske Beweging hat fjouwer fragen oer Fryslân en it Frysk foarlein oan tsien politike partijen dy't meidogge oan de Twadde Keamerferkiezings. Dy fragen gean oer it Frysk, oer de oplieding Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins en oft de provinsje it foech oer it Frysk hawwe moat. Ien fraach giet oer it opgean fan Fryslân yn in noardlik lânsdiel.

De fragen binne foarlein oan de tsien partijen. PvdA, CDA, D66, CU en de SGP namen de muoite om antwurd te jaan. De VVD, PVV, SP, Grien links en de Partij van de Dieren net.

CDA, PvdA en CU binne tsjin in noardlik lânsdiel. D66 en SGP binne yn prinsipe wol foar, mar inkeld as soks fan ûnderen ôf ûntstiet.

De CU wol dat it foech foar it Frysk fan it ryk nei de provinsje oergiet, de PvdA wol dat de provinsje in stjoerende rol hat, it CDA twifelt mei it each op de kwaliteit fan it Frysk yn it ûnderwiis en D66 fynt dat it foech by it ryk bliuwe moat.

It fuortbestean fan Frysk oan de Ryksuniversiteit binne de partijen yn it algemien wol foar, mar se lizze ferskillende aksinten.

Oer de taalwet binne de partijen net altyd like konkreet. Dat komt omdat dy wet noch yn ûntwikkeling is. De taalwet giet oer de opname fan it Frysk yn de grûnwet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)