Nije skoalle foar Drachten

11 sep 2012 - 07:31

Alden en oare belangstellenden binne moandei yn Oerterp bypraten oer de mooglike komst fan in evangelyske basisskoalle yn Drachten. Ut in earder helberensûndersyk docht bliken dat it mooglik is om yn Drachten sa'n skoalle op te setten. De opkomst wie mei 10 minsken net grut, mar de wurkgroep hâldt de kommende tiid noch mear ynformaasjejûnen en giet der fanút dat in evangelyske skoalle der echt komme sil.

De kommende tiid sil in learlingeprognoaze makke wurde en dan sil der in oanfraach by de gemeente Smellingerlân yntsjinne wurde.

De wurkgroep hopet dat de evangelyske skoalle yn augustus 2014 iepen gean kin.

Trefwurden: 
evangelyske skoalle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)