Plan Europaplein kin trochgean

ferbettering Europaplein
In mearderheid fan de gemeenteried yn Ljouwert is foar de rekonstruksje fan it Europlein mei trije fytstunnels. Moandei naam de kommisje in beslút oer de realisaasje fan de turborotonde. De oanpak fan it plein moat de trochstream fan it ferkear dat Ljouwert yn en út rydt ferbetterje.
De totale kosten komme op 13,7 miljoen euro, goed ien miljoen mear as de eardere fariant dat útgie fan twa fytstunnels. Der wurdt noch wurke oan it plan foar in ekstra ûntsluting foar de wyk De Skriuwersbuert.