Waadfûns klear foar projekten

10 sep 2012 - 16:58

Organisaasjes en bedriuwen dy't jild fan it Waadfûns ha wolle kinne oan it wurk. It fernijde Waadfûns set op 1 oktober útein mei de wurksumheden. Dat hat it nije bestjoer, de deputearren fan de trije waadprovinsjes Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân, besletten.

It Ryk hat dat mooglik makke troch it foech oer de organisaasje en de pot mei jild foar it Waad oer te dragen oan de provinsjes. It giet om mear as in heal miljard euro dy't ynset wurde om projekten op en om de Waadsee op gong te helpen.

Dy projekten moatte dan passe yn ien fan de fjouwer temas Natuer, Toerisme, Duorsumheid havens en Ynnofaasje. It jild moat sa gau mooglik nei de projekten ta en dêrby spylje fjouwer Tema-regisseurs in grutte rol. Dy geane de boer op om bedriuwen en organisaasjes te helpen by de plannen.

Trefwurden: 
Waadfûns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)