Kontrôle Wetterskip mei foto's

Wetterskip Fryslân giet mei loftfoto's op syk nei sleatten dy't yllegaal dimpt binne. De foto's wurde fergelike mei foto's út 2010. It yllegaal dimpen fan sleatten is in probleem foar it Wetterskip om't de romte foar wetterberging ôfnimt. As der in soad rein falt is de kâns op oerstreaming grutter.
De kontrôles wurde yn 2013 útfierd. Boeren en partikulieren dy't betrape wurde, kinne in boete krije en moatte de situaasje werstelle. Dimpings sûnder fergunning kinne no noch meld wurde.
Faak kin it legalisearre wurde as op in oar plak kompensearjende wetterberging oanlein wurdt.